Nije literêre priis ynsteld

06 feb 2002 - 00:00

Fryslân is in literêre priis riker. Ynternettydskrift Kistwurk hat de Hylkje Goïnga-priis ynsteld foar Fryske koarte ferhalen. Eeltsje Hettinga makke dat woansdei bekend.

De priis bestiet út jild, hoefolle is ûnbekend. De priis is ferneamd nei de skriuwster dy't ferline jier stoar. Se stie bekend om har koarte ferhalen. De priis wurdt begjin takom jier útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)