Nije list monuminten Ljouwert

24 des 2010 - 15:42

Ljouwert wurket oan in nije list fan gemeentlike monuminten. Dêr komme foar it earst ek nei-oarlochske gebouwen en huzen op te stean. Der is in foarriedige list makke, ein takom jier moat de definitive list klear wêze.

Op de foarriedige list stean ûnder oare de ovale rotonde fan it Europaplein en it wetterliedinggebou oan it Saailân. Oare potinsjele gemeentlike monuminten binne de houten huzen oan de Prins Bernhardleane yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)