Nije list Fryske fûgelnammen

25 sep 2004 - 14:20

In nij boekje mei Fryske fûgelnammen moat in ein meitsje oan de betizing dy't der soms ûntstiet oer it brûken fan de goeie namme. It boekje is freed yn Ljouwert presinteard.

De makkers fûnen dat guon Fryske fûgelnammen net goed wiene. It kaam foar dat in fûgel yn it Frysk 'falk' neamd waard, wylst it net in falk wie. Oan dat soarte saken is in ein kaam mei de nije list fan Fryske fûgelnammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)