Nije linksback foar Fean: Rzasa

03 aug 2004 - 16:05

Tomasz Rzasa spilet it kommende jier foar SC Heerenveen. De Poal krijt in kontrakt foar in jier, mei in opsje op noch in jier. Rzasa spilet linksback. Hy moat de ferfanger wurde fan Erik Edman. Dy is nei Tottenham Hotspur gien.

Rzasa spile al earder yn de Nederlânske kompetysje foar Feyenoord en De Graafschap. It lêste jier spile er foar Partizan Belgrado yn Servië-Montenegro. Rzasa wurdt tiisdei noch medysk keurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)