Nije lieding Sk. Doniawerstal

29 apr 2010 - 10:15
  • Ulbe Brandsma (foto: Omrop Fryslân)

De Stifting Skûtsjes Doniawerstal hat in nij bestjoer. Robert_van_der_Werf fan It_Hearrenfean wurdt foarsitter. Der komme fiif nije bestjoersleden en twa nije kommisjes, foar technyske saken en foar kommunikaasje.

It âlde bestjoer stapte earder dit jier diels op. Dêrby wie ek foarsitter en boargemaster fan Skarsterlân Bert_Kuiper. Neffens Kuiper easken sponsoren syn opstappen om´t dy net bliid wiene mei de komst fan skipper Ulbe_Brandsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)