Nije leden foar it FYK

06 jan 2007 - 13:28

It giet goed mei it FYK. De klub foar Fryske jongerein hat der yn it ôfrûne jier fyftjin leden bykrige. Dêrmei komt it totaal op goed tachtich. De nije leden komme benammen út de omkriten fan Wommels en Easterein.

Mei de nije leden is it FYK tige wiis, omt it dreech is om oan nije leden te kommen. De leden fan it FYK binne allegear tusken de 15 en de 35 jier âld. It docht bliken dat it dreech is om dy groep te berikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)