Nije leden Agraryske Jongeren

12 apr 2005 - 09:42

In wervingaksje fan de Agraryske Jongeren Fryslân hat de ôfrûne moannen goed 150 nije leden opsmiten. De taname komt foaral trochdat in grutte bank it earste jier de kontribúsje betellet. Ek stie de belangeferiening foar jonge boeren faker op agraryske beurzen.

Der binne no goed 1200 jonge Fryske boeren lid fan de AJF. Grutste útdaging is no om de nije leden nei ien jier net fuortendaliks te ferliezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)