Nije leafdesgedichten by Afûk

14 feb 2014 - 16:32
  • De nije gedichtebondel Ik ek fan dy
  • Baukje Wytsma sinjeart har nije bondel by de AFUK

Friezen dy't it dreech fine om in leafdesgedicht te skriuwen, koene freed help krije fan dichteres Baukje Wytsma. Se sinjearde freed yn de boekwinkel fan de Afûk yn Ljouwert har nije dichtbondel Ik ek fan dy, in dichtbondel mei 18 leafdesgedichten. De measte Friezen skriuwe mar twa kear yn it jier in gedicht en dat is mei Falentynsdei en mei Sinteklaas.

Baukje Wytsma hopet dat der troch sokke dagen mear Friezen besykje om in gedichtsje te skriuwen. De sinjearsesje duorre freed fan 15:00 oant 17:00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)