Nije kursus Noardfrysk by AFUK

10 jul 2004 - 14:45

De AFUK organisearret yn septimber op 'e nij in kursus Noardfrysk. De kursus wurdt jûn troch Sabrina Jessen, in Noardfriezinne dy't ek ús Frysk praat. It Noardfrysk yn it noardlikste stikje Dútslân is in sustertaal fan ús Frysk, mar omdat der mear as tûzen jier taalûntjouwing tusken kommen is, lizze de farianten no in ein útelkoar.

It ôfrûne foarjier joech de AFUK foar it earst in kursus Noardfrysk. Dêr wie doe frijwat belangstelling foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)