Nije kuiertocht by Wergea

27 apr 2002 - 00:00

De wurkgroep Toeristysk Wergea hat foar it earst in kuiertocht organisearre troch de polder De Hempenser Mar. Dit is in fûgelgebiet, dus de polder is allinnich bûten it briedseizoen tagonklik.

De Poldersjouw, sa't de tocht neamd is, fynt plak op 27 juny en 5 septimber. De tocht duorret sa'n oardel oere. Der kinne heechút 20 minsken per kear mei. Reservearje kin by it Ald Slot yn Wergea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)