Nije kuierrûte Skingen iepene

13 okt 2007 - 16:13
  • It korps blaast it paad iepen

Troch it boerelân yn de omjouwing fan Skingen en Slappeterp kin wer kuiere wurde. Dêr iepene wethâlder Verdoner van Menameradiel sneon in kuierpaad troch de greide. It is in inisjatyf fan doarpsbelang. De bedoeling wie earst om âlde boerepaden wer tagonklik te meitsjen, mar dêr wie net folle mear fan oer troch ruilferkaveling. Dêrom is der in nije rûte útset.

Tagelyk mei it boerepaad waard der ek in swimfiver iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)