Nije kontenertsjinst It Fean

15 sep 2010 - 06:52

Tusken Rotterdam en It Hearrenfean is dizze wike in nije kontenertsjinst fan start gien. De bedriuwen Harlingen Container Lines en Van der Werff Logistics fan It Hearrenfean ha dizze tsjinst mei-inoar opset.

Fjouwer kear yn de wike farre binnenfeartskippen fan It Hearrenfean nei Rotterdam om guod te ferfieren. Neffens de beide bedriuwen is der op It Hearrenfean noch romte foar sa'n nije tsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)