Nije konteners Smellingerlân

19 aug 2010 - 16:02

De ynwenners fan Smellingerlân krije nije konteners. De âlde grize konteners wiene nei tweintich jier heech nedich oan ferfanging ta. Der wurde 40.000 eksimplaren ferspraat, foar elk húshâlden twa. Guon minsken ha se al op 'e stoepe, oaren krije se ynkoarten. De komst fan de nije jisketonnen ropt in soad fragen op.

Ien âlde kontener hâlde de minsken foar it âld papier. De oare wurdt nei Roemenië brocht en sil dêr brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)