Nije konsesje foar Doeksen

09 mrt 2012 - 15:59

De rederijen Doeksen en Wagenborg meie de kommende fyftjin jier definityf it ferfier nei de fjouwer Fryske Waadeilannen fersoargje. Ferline jier maaie ferliende minister Schultz har al de konsesjes foar dat ferfier, mar trije oare partijen makken dêr beswier tsjin.

It giet om de EVT, rederij Waddentransport en gearwurkingsferbân Vast. De minister hat no bepaald dat dy beswieren sûnder grûn binne. De konsesjes wurde dêrtroch fan krêft. Dy jilde foar fyftjin jier. Dêrnei wurdt der wer in iepenbiere oanbesteging hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)