Nije kompetysje foar sylboaten

16 jan 2004 - 00:00

In nije kompetysje 'Slach om Fryslân' moat rekreaasjesilers oan it silen fan wedstriden krije. Op de Snitsermar bart dat al, mar wedstriden op oare wetters lûke net folle dielnimmers.

Ferienings fan Goaiïngaryp, Heech, De Lemmer en Grou ha dit inisjatyf nommen foar iepen sylboaten. De kompetysje bestiet út 4 wedstriden op de wetters fan de 4 ferienings. Dielnimmers moatte har foar 1 april fêstlizze. Der komt 21 jannewaris yn Grou in foarljochtingsjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)