Nije kommersjele radiostjoerder

30 nov 2004 - 15:55

Fryslân krijt in nije kommersjele regionale radiostjoerder. Nei Waterstad FM, Freeze en Rebecca komt meikoarten de stjoerder Radio NL op de kabel mei inkeld Nederlânsktalige muzyk, 24 oeren op in dei.

It plan is fan de eigner fan Waterstad FM. Hy tinkt dat it út kin, wylst lanlike stasjons mei sokke muzyk it earder net hellen troch te min advertearders. De stjoerder soe yn oardeljier tiid winst meitsje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)