Nije kommersjele man Cambuur

02 maaie 2011 - 14:47

Ard de Graaf wurdt de nije kommersjeel direkteur fan SC Cambuur. Hy komt fan FC Zwolle dêr't er de ôfrûne seis jier ek kommersjeel manager wie.

De 35-jierrige De Graaf makke ûnder oare de ferbou fan it stadion yn Zwolle mei. By Zwolle wurke De Graaf gear mei Gerard van den Belt, dy't no algemien direkteur is by Cambuur. De Graaf sil op 1 juny fan dit jier yn Ljouwert begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)