Nije kommandant op fleanbasis

24 aug 2012 - 16:27
  • Nije kommandant op Fleanbasis Ljouwert
  • Fleanbasis krijt nije kommandant

Nije kommandant Verhaaf fan de fleanbasis Ljouwert sjocht it as syn wichtichste taak de basis troch de besunigings te loadsen. Dat sei er freedtemiddei by syn ynstallaasje. Verhaaf fynt dat Nederlân it belang fan definsje ynsjen moat. Benammen op bûtenlânske misjes kin Nederlân it ferskil meitsje en stiet definsje yn heech oansjen.

Verhaaf is de opfolger fan Dennis Luyt. Dy waard yn 2010 kommandant yn Ljouwert. It is gebrûklik dat in kommandant nei 2,5 oant 3 jier ferfongen wurdt.

Luyt wurdt de nije direkteur operaasjes fan de luchtmacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)