Nije koers foar detailhannel

26 mrt 2012 - 21:47

De detailhannel moat drastysk feroarje neffens de Keamer fan Keaphannel. Se sil ynspylje moatte op ûntwikkelings lykas winkeljen fia ynternet en ek op de fergrizing fan de befolking. De Keamer fan Keaphannel organisearret dêrom de kommende twa wiken byienkomsten om ûndernimmers te wizen op sokke ûntwikkelings en trends.

Doel fan de byienkomsten is om ûndernimmers harren der bewust fan te meitsjen wat de gefolgen fan de feroarings foar de winkels en it winkelgebiet betsjutte.

Dêrnei kinne se meidwaan oan in ferfolchtrajekt om de strategy foar de takomst te bepalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)