Nije koers foar 'De Skâns'

11 mrt 2014 - 11:43
  • De Skâns

De nije eksploitant fan teater De Skâns op De Gordyk wol mear ynsette op de ferhier fan sealen en oare romten. Ek wolle sy dat der mear gebrûk makke wurdt fan de hoarekafoarsjenning fan De Skâns.

Dat seit direkteur Harry Koning fan de stichting Culturele Ondernemingen Nederland dy't fan 1 april ôf de eksploitaasje docht. Under dizze stichting falt ek Ateliers Majeur dat it muzykûnderwiis fersoarget yn Opsterlân.

Der wurdt ek sjoen oft dat noch te kombinearjen is mei it gebrûk fan it teater. Ien en oar moat der foar soargje dat it gebrûk fan de Skâns better út kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)