Nije knaachdiere-opfang socht

29 mrt 2010 - 15:05
  • Ien fan 'e bewenners fan 'e Ljouwerter knaachbiste-opfang (foto: Omrop Fryslân)

De Stichting Knaagdiere-opfang Fryslân is dwaande jild yn te sammeljen foar in better opfangplak. Op it stuit sitte der 68 knaachdieren yn in rychjeswenning yn Ljouwert. Yn in te lyts hok tilt it op fan benammen kninen en kavias.

Faak binne se dumpt troch de eigner. Simmerdeis is it der noch drokker, want it is it iennichste opfangplak fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)