Nije klus foar Oostergo

23 jan 2002 - 00:00

Oostergo yn Dokkum hat in nije klus. Wurknimmers fan it sosjaal-wurkfoarsjenningsplak sille de kommende twa jier foar gemykonsern Johnson Polymer dwaande. It giet om it ferpakken fan pûden fan 1000 kilo yn parten fan 25 kilo.

Yn de pûden sitte harskerrels dy't yn de ferve- en drukyndustry brûkt wurde. Neffens de direkteur is de klus in moaie opstekker foar Oostergo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)