Nije klinyk kaaksjirurgen

11 jun 2009 - 10:55

Kaaksjirurgen fan it Antoniussikehûs yn Snits en it MCL yn Ljouwert begjinne in klinyk yn 'e eardere Heinekenloads yn Grou. Der binne no trije sjirurgen by it plan belutsen, mar it is de bedoeling dat de hiele maatskip der ynstapt. It is de earste klinyk yn syn soart fan Fryslân.

De klam leit foaral op ymplantaten. Foar in part giet it om saken dy 't de pasjint sels betelje moat, mar der wurdt ek soarch ferliend dy't troch syktekostefersekerders fergoede wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)