Nije klean stewards Cambuur

26 jan 2007 - 10:18

De stewards fan Cambuur hawwe tenei deselde klean oan as stewards fan oare clubs yn de earste divyzje. De sponsor fan de divyzje, it Belgyske biermerk Jupiler_League, hat klean meitsje litten foar de stewards. It giet om felreade jacks en heskes mei it logo fan de club en de sponsor derop.

Herkenbere klean soe de feiligens yn de stadions ferbetterje moatte. It is foar it earst dat alle stewards yn de earste divyzje deselde klean oan hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)