Nije klean finzenispersoniel

01 nov 2014 - 09:40
  • Nije klean finzenispersoniel

De meiwurkers fan de Ljouwerter finzenis hawwe sûnt sneon nije bedriuwsklean, krekt as har kollega's yn de rest fan it lân. De âlde unifoarmen waarden 23 jier lyn ûntworpen en foldienen net mear oan de easken fan hjoed-de-dei. De klean binne útsocht yn gearwurking mei de meiwurkers. De âlde unifoarmen sille troch finzenen sorteard wurde en sa mooglik wurde se ferwurke ta nije produkten. De meiwurkers fan de stypjende tsjinsten, lykas it ferfier, ferruilje foar de ein fan it jier har unifoarm foar in nijenien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)