Nije klean brânwacht Ljouwert

30 jul 2009 - 18:45

De brânwacht fan Ljouwert krijt nije útrukpakken. Dêr is in oerienkomst foar tekene mei it bedriuw dat de wurkklean leverje sil. De nije pakken foldogge oan de lêste noarmen op it mêd fan beskerming en feiligens.

De brânwacht skaft mei elkoar 115 pakken oan. Dy binne bedoeld foar de berops- én de frijwillige brânwacht fan Ljouwert. Se wurde op maat makke en wurde uterlik yn desimber levere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)