Nije keunstgersfjilden

16 nov 2012 - 10:07
  • Keunstgersfjild

Troch ûnderhâld út te besteegjen oan sportferienings en âlde sportfjilden te ferkeapjen tinkt de gemeente Achtkarspelen trije nije keunstgersfjilden oanlizze te kinnen. It giet om fjilden op De Harkema, yn Twizel en Bûtenpost. It keunstgersfjild yn Surhústerfean soe opknapt wurde kinne.

De sportferienings wolle graag nije fjilden, mar de gemeente hat gjin jild. Troch de sportferienings sels mei help fan frijwilligers in part fan it ûnderhâld dwaan te litten, kin in protte jild besparre wurde.

It jild dat struktureel frijkomt, kin brûkt wurde foar de nije fjilden. By de oanlis soene de sportfienings ek sels de hannen út de mouwen stekke moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)