Nije keeper SC Joure

10 feb 2005 - 09:57

Jeroen Hansen fan it belofteteam fan de Sportklub Hearrenfean wurdt de nije keeper fan sneinshaadklasser De Jouwer. De 19-jierrige Hansen is de opfolger fan Barry Ditewig dy't fjirtjin dagen lyn nei Veendam gong.

Hansen, dy't yn 2001 by de Feansters yn de B1 begûn, makket it seizoen by de Jousters dien. Yn dy tiid giet er troch mei it trenen by it belofteteam fan de betelle fuotballers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)