Nije keeper SC Hearrenfean

04 aug 2010 - 17:48

SC Hearrenfean hat in akkoart sletten mei de Deenske keeper Kevin Stuhr-Ellegaard. Hy tekenet in kontrakt foar in jier. De 27-jierrige Ellegaard komt transferfrij oer fan Randers FC dêr't syn kontrakt ôfrûn. Ellegaard kaam earder út foar Manchester City, Blackpool en Hertha BSC. Hy wie de ôfrûne wike op proef yn Hearrenfean.

De Feansters sochten in ekstra keeper fanwege de knibbelblessuere fan Brian Vandenbussche dy't mear as in healjier net yn aksje komme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)