Nije keeper Harkemase Boys

20 mrt 2006 - 13:53

Sven Veldhuizen fan Wolvegea wurdt it kommende seizoen de nije keeper fan Harkemase Boys. Veldhuizen (21) spilet op dit stuit yn it twadde alvetal fan FC Grins. Veldhuizen wurdt de opfolger fan Egbert Darwinkel. Hy ferlit de sneons haadklasser.

Ek twadde keeper Melis van der Meer ferlit Harkemase Boys. Hy giet nei FC Wolvegea. Syn opfolger wurdt Klaas Hylkema (19). Dy is no twadde keeper fan sneons haadklasser Flevo Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)