Nije kazerne op De Westereen

30 des 2013 - 09:57
  • Nije brânwachtkazerne De Westereen

De Westereen hat in nije brânwachtkazerne, krekt bûten it doarp. Der is romte foar twa blusweinen, in kantine en ynstruksjeromte foar de 17 frijwilligers. De nije kazerne is sneon offisjeel iepene troch boargemaster Aalberts. De brângasten binne tige te sprekken oer it nije gebou, want it wie behelpen yn de âlde kazerne, in eartiidse skoalle midden yn it doarp. Se binne ek goed te sprekken oer de nije bluswein dy't se krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)