Nije kastkes kaai thússoarch

15 nov 2012 - 20:57
  • kaaikastje

Nije kliïnten fan thússoarch het Friese Land krije tenei bettere kaaiklúskes oanbean. It giet om it klúske dêr't de kaai ynhinget sadat de thússoarchmeiwurker deryn komme kin. Yn Harns ha al ferskate kearen ynbrekkers fan it kastje gebrûk makke, ek ferline wike noch. Dat soarget foar in soad ûnrêst ûnder de bewenners. It Helpmiddelsintrum yn Burgum hat mei ferskate thússoarchorganisaasjes oerlein en dy wolle graach it nije kaaikastje brûke. Dat is wol tsien euro djoerder, 59 euro. De kliïnten moatte dat sels betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)