Nije Kast bringt ek Fryske songs

22 des 2002 - 00:00

In platemaatskippij hat al ynteresse foar de nije Kast sûnder sjonger Syb van der Ploeg en drummer Nico Oudhuyse. Materiaal foar in nije cd is der al en dêr sitte ek Fryske nûmers by, sa sei bassist Sytse Broersma by it ôfskie fan de âlde Kast.

De band hat noch gjin ferfanging foar Syb en Nico. Nei alle gedachten sil der gjin frou by komme op sang. By it ôfskie yn 'e Amsterdam Arena wiene 6000 fans. In protte moasten gûle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)