Nije kassegebiet by Seisbierrum

08 nov 2006 - 09:32

Oan de súdkant fan Seisbierrum komt in nij glêstúnbou-gebiet. Der is sa'n 450 bunder grûn nedich foar de realisaasje fan it nije kompleks. De provinsje is drok dwaande mei it oankeapjen fan grûn.

It nije kassegebiet moet it besteande kassekompleks by Berltsum fersterke. In wichtige ekonomyske ympuls foar it gebiet, neffens wethâlder Lieuwe Miedema fan Frjentsjerteradiel, om't it in soad nije banen opsmite kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)