Nije karre fierljepdemoteam

22 apr 2010 - 11:19
  • (foto: Martin de Jong)

It demonstraasjeteam fan it Frysk Ljeppersbûn krijt dizze wike in nije oanhingwein. De karre is makke troch studinten fan 'e oplieding wurktúchbou Friese Poort Snits.

It team fan it fierljepbûn bestiet út in groep betûfte ljeppers dy't geregeld fuortgiet om demonstraasjes te jaan. Oant no ta moasten se in grutte karre meinimme dy't allinnich achter in bestelbuske of lytse frachtwein kin. De nije karre kin achter in gewoane auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)