Nije kânsen foar bedriuwen yn logistyk en distribúsje

20 nov 2015 - 00:08

Yn Fryslân lizze neist súksesfolle sektoaren as agro-yndustry, toerisme en wetter ek kânsen foar logistyk, distribúsje en bygelyks webwinkels. Dat sei de president fan De Nederlanske Bank, Klaas Knot, tongersdeitejûn op in gearkomste fan it Jong Bedrijven Netwerk Fryslân yn Oentsjerk. Fryslân hat in soad romte en in goede ynfrastruktuer en kin dêr foar dit soarte aktiviteiten goed fan profitearje tinkt Knot.

Hy sjocht wol dat de groei yn Fryslân wat achterbliuwt by dy yn de Rânestêd, mar dat is neffens him hiel gewoan foar in regio.

As de ekonomyske groei sa't dy him no ûntjout trochset sil Fryslân dêr beslist ek fan profitearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)