Nije kâns reis Friese Wouden

14 mrt 2014 - 08:52
  • Ien fan de trije bot skansearre touringcars

De meiwurkers fan soarchorganisaasje De Friese Wouden geane sneon op 'e nij mei de bus nei de musical Sister Act yn Scheveningen. Yn novimber soenen de 360 minsken ek al nei dizze musical ta, mar troch in grut busûngelok binne se dêr noait oankaam. Der binne doe 36 minsken ferwûne rekke doe't trije bussen op elkoar botsten by Muiden.

Dochs hat de Friese Wouden yn oerlis mei it personiel besletten om wer mei de bus ôf te reizgjen. Joop van den Ende Theaterproducties hat frijkaarten beskikber steld nei it busûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)