Nije kâns foar Sonac

14 apr 2004 - 00:00

Sonac yn Burgum krijt in nije kâns om oan de stanknoarm te foldwaan. Op 15 maaie moat it kadaverferwurkingsbedriuw oan de easken fan de miljeufergunning foldwaan. Slagget dat net, dan leit de provinsje Sonac mooglik in twangsom op.

It is al de twadde warskôging foar it bedriuw dit jier. Sa moast Sonac foar 1 maart al oan de easken foldwaan. Ut kontrôle die bliken dat de oerlêst mei goed 80 prosint werombrocht wie. Oan de easken wie doe noch net foldien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)