Nije Kanadeeske spiler Aris

08 aug 2008 - 13:39

Basketballclub Aris kriget de earste bûtenlânske spiler út de gearwurking mei Eiffeltowers. De club út Den_Bosch hat de Kanadees Tristan_Blackwood foar trije jier fêstlein. It earste jier spilet Blackwood lykwols yn Ljouwert foar Aris.

Blackwood is in 23-jierrige pointguard en spile by Central Connecticut State College. Earder hie Aris al de Nederlanners Bob_van_den_Enden en Patrick_Frimpong fan Eiffeltowers fêstlein foar it kommend seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)