Kampanje moat learlingen wer oan it fytsen krije

21 mrt 2016 - 14:18

In grut tal learlingen fan sân Fryske basisskoallen fytse meielkoar de kommende moannen 40.000 kilometer. De kampanje 'rond de wereld in minder dan 80 dagen' is ûnderdiel fan Veilig Fietsen. Op de St. Mattheüsskoalle op De Jouwer joech boargemaster Fred Veenstra it startskot foar de kampanje.

De learlingen fan groep acht krigen allegearre in smartphone wêrmei't se byhâlde kinne hoefolle se fytse. Doel fan de kampanje is om de learlingen wer oan it fytsen te krijen en ûnderfining opdwaan te litten yn it ferkear.

Measte kilometers

Yn totaal dogge 187 learlingen út groep acht fan de folgjende skoallen mei: kbs De Ark út Makkum, kbs De Paadwizer út Parregea, ibs de Gielguorde út Mantgum, De Opbouw út Boalsert, ibs De Pipegaal út Warkum en de Master Steve Jobsschool út Snits.

De trije groepen en trije learlingen dy't oan 'e ein fan de kampanje de measte kilometers ôflein hawwe krije in priis.

 

A video posted by Omrop Fryslân (@omropfryslan) on

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)