Nije kampanje Ho! Net yn 'e kliko, yn fjouwer doarpen

25 aug 2015 - 11:10
  • Kliko grien

De doarpen Eastermar, Heech, Gytsjerk en Oentsjerk dogge mei oan de nije kampanje: Ho! Net yn 'e kliko! De útdaging is om 25 prosint minder ôffal yn de grize kontener te smiten. Benammen papier, grienôffal en lyts gemysk ôffal komt faak yn de kliko telâne, wylst it dêr net yn heart. De nije kampanje moat minsken dêr bewust fan meitsje.

It is in inisjatyf fan it Netwerk Duurzame Dorpen. Oer in jier wurdt metten oft de doelstelling helle is. It aksjejier set ein augustus útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)