Nije kampanje foar Fryslân

07 okt 2004 - 10:10

Fryslân komt mei in nije lanlike publisiteitskampanje om it toerisme de kommende fiif jier mei fyftjin prosint groeie te litten. Oant no ta oernachten jierliks 1,3 miljoen besikers yn Fryslân. De nije slachsin is: 'Verrassend dichtbij: beleef Friesland, het andere Nederland'.

Ut ûndersyk docht bliken dat Fryslân as toeristyske bestimming noch te ûnbekend is. Paul van Gessel fan Friesland Marketing wol dêr feroaring yn bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)