Nije Kaden krije mear terrassen yn stee fan parkearplakken

22 feb 2016 - 16:03
  • Gefaarlike ferkearssituaasje by de Kaden en Suderdwersfeart yn Drachten

Op de nije Kaden yn it sintrum fan Drachten is minder romte foar de auto en mear foar terrassen. Dat docht bliken út de werynrjochtingsplannen dy't de gemeente Smellingerlân moandei presintearre.

Yn de plannen is it krúspunt mei de Dwersfeart net meinaam. Dat stie yn 2014 noch yn de top 10 fan gefaarlikste krúspunten fan Nederlân. In ekstern buro sil ûndersyk dwaan nei de oanpak fan dat krúspunt. Undernimmers wolle dêr leaver in rotonde hawwe. Se fine it bêst dat De Kaden autolij makke wurde, mar autofrij wolle se net.

Winkeljend publyk moat de romte hawwe om de auto del te setten, sadat it publyk gau de winkel yn en út kin. Foar de gemeente is it belangryk dat de trochstream fan ferkear en de fytsfeiligens better wurdt, seit wethâlder Ron van der Leck.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)