'Nije' iismasines foar iishal

15 jul 2008 - 14:33
  • oan de iismasines wurdt no al hurd wurke
  • De bûtenkant fan 'e iishal

It is der no net echt waar foar. Mar yn de iishal yn Ljouwert binne se al drok dwaande om der foar te soargjen dat der fan't winter wer iis leit. Se ha twa nije iismasines kocht. It giet net om folslein nije masines, mar om healsliten eksimplaren, dy't oernommen wurde fan 'e iishal fan Twente.

De âlde iismasine wie 27 jier âld en begûn sa út en troch wat mankeminten te fertoanen. Doe't Miedema fan de iishal hearde oer de sloop fan 'e baan yn Enskede hat er him gelyk meldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)