Nije iishockeyhal Thialf iepene

29 jan 2005 - 16:00

Keunstriden en shorttrack moatte soargje foar ekstra ynkomsten út de nije iishockeyhal fan Thialf op it Hearrenfean. Dat sei direkteur Nieweg freed by de iepening fan de hal.

No hat Thialf noch gjin nasjonale wedstriden foar keunstriden. De trainings foar it shorttrack binne yn Zoetermeer. De iishockeyhal fan Thialf is foar goed 3 miljoen euro opknapt. Der is ûnderoaren in nije iismasine kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)