"Nije iishal gjin konkurrinsje

20 okt 2012 - 12:20

In 400 meter-iisbaan yn Ljouwert sit in nij Thialf op It Hearrenfean net yn it paad. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan yngenieursburo Gontmij yn opdracht fan de gemeentes Ljouwert en Hearrenfean.

Earder libbe wol de eangst dat in 400 meter-baan yn Ljouwert Thialf reedriders kostje soe. Thialf op It Hearrenfean sil him no mear rjochtsje op topsport, de nije 400-meter-baan yn Ljouwert op breedtesport en reedriden foar skoallen. De provinsje en de gemeente Ljouwert sille de kosten betelje fan de nije 400 meter-baan yn Ljouwert.

De kosten fan de iishal wurde rûsd op 18 miljoen euro. Oer de ferdieling fan de kosten is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)