'Nije hypoteekregeling funest'

08 apr 2011 - 12:24

In ferbod op besteande folsleine ôflossingsfrije hypoteken kin tûzenen Fryske húshâldings yn swierrichheden bringe. Minister De Jager fan finânsjen ferbiedt nije folsleine ôflossingsfrije hypoteken al mei yngong fan augustus.

De Autoriteit Finansjele Markten (AFM) wol no ek dat besteande ôflossingsfrije hypoteken foar in part ôflost wurde moatte. Dat betsjut dat de lesten foar sokke húshâldens omheech gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)