Nije hûzen yn Surhústerfean

02 maaie 2006 - 14:55

Oan de Dellen yn Surhústerfean komme 24 apparteminten en 12 soarchwenten. It plan is ûntwikkele troch de Accoladegroep fan it Hearrenfean yn opdracht fan Wenningbouferiening Smellingerlân.

De hûzen binne bedoeld foar senioaren. Soarchkwadrant Fryslân-Oost sil him dwaande hâlde mei de soarchwenningen. De bou moat takom jier begjinne. De welstânskommisje Hûs en Hiem hat al goedkeuring jûn oan de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)