Nije huzen oan eastkant Skier

04 jun 2006 - 12:20

Nije huzen op Skiermûntseach kinne it bêste oan de eastkant fan it doarp boud wurde. Dat fynt it kolleezje fan B&W. Der is grut ferlet fan nije wenningen op it eilân, foaral fan hierwenningen foar starters.

Der moatte de kommende fjouwer jier 40 nije wenningen komme. Op it terrein dat it gemeentebestjoer op it each hat, oan de Easterreewei, kinne 30 wenningen boud wurde. De ried praat 13 juny oer it útstel fan B&W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)