Nije huzen foar Raard

01 maaie 2014 - 14:08
  • Ympresje nijbou huzen Raard

Yn Raard by Dokkum is in plan foar de bou fan twa nije huzen. Doarpsbelang en Loft romtlike ûntwikkeling hawwe it inisjatyf nommen foar de bou fan de nije huzen. De gemeente Dongeradiel hat besletten om yn it inisjatyf mei te gean, omdat der konkreet fraach wie nei nijbou.

It belied fan de gemeente is om allinnich meiwurking te jaan as der konkreet ferlet is en der gjin sprake is fan leechstân of ferpaupering. Yn april binne de plannen oan de doarpsbewenners foarlein. As de ried der mei ynstimt kinne de prosedueres opstarten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)